Aanlegsteiger voor staande mast

Eén sluis verwijderd van de Friese Meren

Lokaasje

In eilân midden yn 'e stêd

In eilân midden yn 'e stêd: it heart miskien nuver, mar neat is minder wier. Yn Warkum libje wy mei wetter. Dwers troch de stêd rinne ferskate fearten, singels en grêften. Dêrtroch ûntstean idyllyske plakjes, dêr't jo midden yn de stêd oan it wetter wenje. Ien fan dy unike plakjes is It Eilân yn de wenwyk Thomashof. Hjir realisearret Friso Bouwgroep 12 romme apparteminten oan it wetter mei in eigen oanlissteger en in priveestrân. It perfekte slotstik fan dizze wetterrike wenwyk.

Situatie & ligplaatsen

Ieder appartement heeft een eigen ligplaats. In de situatie ziet u welke ligplaats bij welk appartement hoort.

Omjouwing

In stêd om jo fuort thús te fielen

Warkum is ien fan de Fryske alve stêden. Mei krekt wat mear as 4000 ynwenners is it in brûzende stêd mei in aktyf ferieningslibben, dêr't jo alles fine dat jo nedich ha. Oer histoaryske rykdom ha jo neat te kleien. Yn it sintrum fine jo ferskate monumintale gebouwen, autentike pannen en ryksmonuminten. Dat én de leuke terraskes, goede restaurants en gesellige kafees meitsje fan Warkum in stêd om jo fuort thús te fielen.

Warkum wetterstêd

De Fryske Marren yn jo achtertún

Jo nije wenplak leit oan it wetter fan de Burefeart. Dêrtroch ha jo in eigen oanlissteger foar de doar. It ideale plak foar wettersportleafhaweers. Mei sa'n soad wetter hat Warkum fansels ferskate jachthavens. Handich wannear't jo de boat yn de winter feilich stalle wolle. Troch de slûs fan Warkum farre jo sa de Iselmar op. Smyt de trossen los en set koers rjochting de prachtige Fryske Marren yn jo eigen achtertún.

Bliuwe jo leaver mei beide fuotten oan fêste wâl? Ek foar fyts- en kuierleafhawwers biedt Warkum in skat oan kuier- en fytsrûtes. Untdek de prachtige natuer of lit jo meifiere nei omlizzende Alvestêde-stedsjes lykas Hylpen, Starum of Boalsert.

Fasiliteiten

Alles om ’e hoeke

Warkum hat wier alles yn hûs dat jo jo winskje kinne. Njonken de grutte supermerken fine jo yn de smûke winkelstrjitte fan Warkum tal fan lytse, persoanlike spesjaalsaken. Fan de waarme bakker en de ambachtlike slachter oant de grienteboer; hjir fine jo alles farsker as farsk.

Begjin de dei goed mei in frisse dûk yn swimbad De Rolpeal yn de stêd of bring in besite oan it sport- en sûnenssintrum. Op syk nei in kulturele ynfolling? It Jopie Huisman Museum yn de stêd is in besite mear as wurdich. Mei in eigen treinstasjon, goede busferbinings en de A7 flakby binne jo yn noch gjin oardel oere yn Grins, Amsterdam of Zwolle.

Aldi
Poiesz

Wenje op

't Thomashof Eilân?

Ha jo fragen oer of ynteresse yn ien fan de 12 romme apparteminten fan It Eilân? Nim frijbliuwend kontakt op mei ien fan ús makelers.





Heeft u vragen over of interesse? Neem geheel vrijblijvend contact op met één van onze makelaars.